Haulerwyk, Myn doarp, Myn hietelân

Haulerwijk, Myn doarp, Myn hietelân

Fryske poëzy

It spile al jierren yn myn holle om ea noch ienris in bondel út te jaan yn de Fryske taal.

Ta beslút is it der dus fan kaam, en hoe kin it ek oars, Haulerwyk spilet in haadrol yn dizze ferhalende poëzy.

Yn myn libben, tusken 1941 en 2016 dat him ôfspile hat yn Haulerwyk en Rotterdam, is een soad foarfallen.

By it skriuwen fan dizze bondel koe ik der net ûnder út om Rotterdamse aventoeren of situaasjes faak ôf te slúten mei tinzen oan Haulerwyk.

Dochs krije de foarfallen út hjoed de dei en it ferline yn Haulerwyk in promininte rol yn dizze bondel.

Hoewol ik yn 1957 ferhuze nei Rotterdam, is Haulerwyk nea út myn tinzen west.

Noch altyd as ik der efkes werom bin en sliep by myn nicht Rinkje oan de Molenwei op de grûn wêre ik berne bin, fiel ik noch hieltyd de ûnwennigens nei Haulerwyk, beskreaun yn it gedicht ‘Gefoel yn ‘t tsjuster’ út de bondel Landschap van toevalligheid (novimber 2012):

 “En ik hear de tsjerketoer de oeren oersette yn lûd

It fielt as myn woartels op het plak wêr ik lis”

Rotterdam, 19 september 2018.

Geert Koenen.

Verkrijgen bij de dorpskapper Sebe Steenhuis.